Gean mei: Diversity Festival 25 juny-3 july 2022 yn Eastenryk
Fan 25 juny – 3 july hat it Diversity Festival ‘UTOPijA’ plak yn Carinthia / Koroška, Eastenryk by de Karintyske Slovenen
It Diversity Festival is echt op de talen en kultueren rjochten. Kinst kieze út fjouwer workshops (fiertaal: Ingelsk) om dy wike mei te dwaan:
- Minority Dance party
- Filmmaking
- Choir
- Puppet theatre
Klub slovenskih študentkov in student na Dunaju (KSŠŠD) organisearret it festival en sil dy mear sjen litte fan it gebiet en mear fertelle oer de minderheid.Tagelyk mei it diversity festival is yn Karintië ek de Europeada, it ynternasjonale fuotbaltoernoai foar Europeeske minderheden. Fansels stiet der in besite pland om ek in wedstryd mei te meitsjen.
Dielnimmerskosten binne €100,- Dat is ynklusyf akkomodaasje, iten, ekskurzjes en de workshops. Mochtest fragen hawwe oer de reiskosten, lit it foaral witte.
Mear ynformaasje is te finen yn de call for participants of freegje by it FYK. Opjefte kin by it FYK, foar 31 maaie.